Wy ha yn Fryslân alderhanne bisten...
yn't bosk, yn't fjild, op't strân of ûnder't pún...
moai foar boeren, bern en ek toeristen..
op 'e pleats, yn de natoer of yn de bistetún..../
Fertroude soarten mar ek frjemde rassen,
't is hjir suver ien grut bisteryk....
en der is in laach fan hiel aparte klasse....
dat binne de skiep dy't weidzje op de seedyk..... /
It Fryske stamboekdykskiep is bysûnder...
it Fryske stamboekdykskiep is unyk....
sy dogge wier foar oare skiep net ûnder...
mar sy ha de lofter en de rjochter poatsjes net gelyk.... /
Dykskiep binne spesjaal fokt foar de skeante...
dykskiep binne net foar neat sa bryk...
sy hâlde harren op it flakke net lang steande...
mar sy rinne moai rjochtop op de seedyk... /
Sy rinne yn in rige nei't stek ta...
dêr stiet de boer en set se oer de dyk...
hy seit: ''Ik wol se oan de oare kant ha,...
en se kinne mar ien kant út mei sa'n fysyk''.... //
wurden: piter wilkens
www.piterwilkens.nl
|
|